Filips fan Marnix fan Sint-Aldegonde

Portret fan Marnix fan St. Aldegonde fan Jacob de Gheyn (II): alle portretten fan Marnix dêr't wy fan witte binne faaks fan dizze gravuere ôflaat.[1]
Dizze side giet oer Filips fan Marnix fan Sint-Aldegonde. Foar syn fiere (en Spaanskgesinde) famyljelid, sjoch: Filips fan Sint-Aldegonde fan Noircarmes.

Filips fan Marnix, hear fan Sint-Aldegonde, hear fan West-Souburg (Brussel, tusken 7 maart en 20 july 1540Leien, 15 desimber 1598) wie in Súd-Nederlânsk skriuwer, diplomaat, learde en assistint fan Willem fan Oranje. Marnix wie boargemaster fan Antwerpen ûnder it belis en de fal fan Antwerpen yn 1585. Hy wurdt faak beskôge as de skriuwer fan it "Wilhelmus", it Nederlânsk folksliet, mar wis is dat net hielendal.

  1. Waard, J.A. de (1988) De portretten van Marnix van St. Aldegonde. Een ikonografische verkenning útj. Sub Rosa, Dimter ISBN 90-70591-22-7 [1]

© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search